Ladies Cycling Team

Wy stean mei ús âlde Transit camperke op it camperplak fan Maastricht Marina. Neist ús stiet in grutte camper mei in stel út Volendam. Op de camper stiet reklame fan Beet It Sport Ladies Cycling Team. Hy blykt in âld-proffytser. Sy hawwe in twaling, twa readhierrige fammen fan 21 jier. Beide ek fytsers (it ladies cycling team). Krekt foar corona, fertelt de mem, wurdt ien fan de fammen fereale op in proffytser út Sittard. Sy wol him noch ien kear sjen foar de lockdown útbrekt en reiziget ôf nei it suden. Dochs is sy te let en kin net wer werom en bliuwt ferplicht 3 maand by de nije flam. Omdat de nije relaasje goed befalt beslút sy te bliuwen en fynt wurk yn Maastricht. 
“Die waren we in één keer kwijt”, seit har mem mei Volendams aksint. 
De heit laket wat en seit “fietsen is het mooiste wat er is”. 

Reacties