Nachtljocht



Yn juny 2019 wûn ik de ferhalewedstryd BoekSimmerBoek, organisearre troch Stifting Boeken foar Fryslân. It tema wie 'sinnekear'.
Underdiel fan de priis is publikaasje op ensafh.frl. Dêr bin ik tige wiis mei.
Dit is it ferhaal.

Nachtljocht

It is heech wetter. Allinne it klotsen fan de lytse weagen tsjin it basalt fan de seedyk is te
hearren. Boppe op ’e dyk stiet in man. Mei syn grut postuer en mânsk burd is ’t krekt in reus.Yn it tsjuster stekt syn swart sylhûet ôf tsjin in walmjende, blaugriene gloede dy’t yn noardlike rjochting te sjen is. Hy makket mei syn hannen in machteleas gebeart en rint stadich nei ûnderen, nei it wetter ta. De tekken fan blaugrien ljocht liket op dat stuit justjes fûler te baarnen. Tsjin alle ferwachtings yn is ’t gjin ho by de râne. De reus rint troch!
Earst ferdwine de fuotten, dan de skonken, de heupen. Hy wâdet hieltyd fierder! Syn hannen gean nei boppen. Dan, samar ynienen, klapt er foaroer en is er ûnder wetter ferdwûn. Tagelyk mei de fal dôvet it dramatyske ljocht, as slút de himel de eagen. In ymploazje fan stilte.

Ynienen floepe der in tal grutte toaniellampen oan. It publyk, alhiel yn ’e ban fan de dramatyske ein fan ’e foarstelling, liket út in dream wekker skodde. In applaus stiicht op, hieltyd fûler. Yntusken drave der twa man de see yn, helpe de haadrolspiler oerein en nimme de dweiltrochwiete akteur ûnder de earms. Mei harren trijen rinne sy omheech, werom nei ’t publyk. De akteur, dy’t niiskrekt himsels noch oan it fersûpen wie, bringt syn hannen wer omheech, mar no foar in jûchheigebeart. It publyk klapt yn ’e hannen en stampt mei de fuotten op ’e houten tribune.

Alle oare spilers komme no ek foar ’t ljocht. Neist inoar, de earms oer inoars skouders, bûgje sy tagelyk nei ’t publyk en drave dan de seedyk ôf. Mar it publyk lit harren noch net gean. De spilers komme werom, bûgje op ‘e nij en applaudissearje no sels ek, wylst sy nei de minsken fan it lûd en ljocht sjogge en wize. Mei dat de akteurs wer fuortdrave, nimt it applaus einlings ôf. In lûdsbân mei muzyk út de foarstelling nimt it oer. Guon minsken núnderje it sêft mei wylst sy op harren beurt wachtsje om de tribune te ferlitten. Kleure ljochtsjes by de drankkream knipperje oan en ûnderoan de dyk, yn ’t âlde fiskersdoarp, swaait de kafeedoar iepen.

Op ’e tribune is immen efterbleaun. Lykme allinne sit der in man oer de Waadsee te stoarjen. Anke, in aktrise fan be gjin 20, mei in lytse rol yn dit stik oer de langste dei fan ’t jier, hat him as ienige yn ’e gaten. Ynearsten wol Anke it negearje mar dat slagget har net en se rint dochs op him ta. ‘Alles goed mei jo,’ freget sy hoeden. De man, krekt wat âlder as sy, sjocht nei har op as sy neist him komt te stean. Sy skrikt as se har realisearret dat dizze iensume figuer gûlt. ‘Ja, hiel goed,’ seit er, wylst er mei de rêch fan syn hân de triennen fuortfaget. ‘Ik haw niiskrekt in wûnder sjoen.’
‘No, de ein fan ’t stik wie oars net sa fleurich. Boreas hat himsels ommers te koart dien.’
‘Nee,’ seit de man wylst er har mei oandwaanlike eagen oansjocht, ‘dat wie net de ein. Ja, fan it stik miskien, mar net dè ein.’ Anke sjocht him ferheard oan. ‘Jacob,’ seit er, ’ik bin Jacob. ’‘Anke,’ seit Anke. Sy giet neist him sitten. Beide sjogge oer it wetter dêr’t noch mar krekt lyn it mysterieuze noarderljocht te sjen wie. In sterk staaltsje fan de ljochtminsken, want soks is eins in winterferskynsel, mar it paste sa moai by de sfear fan it stik.

Nei de earste skrik leit Anke har earm spontaanwei op Jacob syn rêch. ‘Wolst my deroer fertelle,’ freget sy sêft. ‘Wat is dan neffens dy dè ein?’
Jacob sjocht har in koart skoft oan, sykhellet en set útein. ‘Ik sis it dy mar planút. Salang’t ik it my yn ’t sin bringe kin, haw ik bang west foar de dea. Nettsjinsteande alle moaie ferhalen oer in himel of in libben dêrnei. De dea benearret my: it tsjuster, de leechte. Mar it hat my tagelyk yn ’e besnijing. Och, miskien begrypst my hielendal net.’
‘Oe duvel, ik haw noch nea sa oer de dea neitocht, earlik sein. Mar dat jout neat, fertel fierder.’ Anke is wat tichter by Jacob sitten gien. Sy fielt har suver wat oanlutsen ta dizze
iensume jongkeardel. Har hân leit al minder doelleas op Jacob syn rêch. Syn waarme jas kribelet.

‘Ik haw in protte lêzen oer de dea, moatst rekkenje. It is in soarte fan obsesje. Der wurdt hiel ferskillend oer tocht en net ien wit krekt hoe en wat. Soe der wol as net wat wêze nei de dea, en sa ja, hoe dan? Wat dan? Wêr dan? Al mei al hat it my net rjocht holpen, dizze syktocht. Ik bleau der stomme benaud foar.’
‘Mar wat is der dan jûn bard, dat it no oars wurden is?’
‘De wiere ein fan dit stik wie doe ’t de twa helpers Boreas út it kâlde wetter fisken, in drûge tekken om him hinne leinen, him ûnder de earms namen en werombrochten nei ’t ljocht, wylst der in grut applaus foar de akteur wie. Dàt wie foar my de moaiste ein!’
‘Mar dat hearde net mear by it stik,’ reagearret Anke.
‘Dat kin wol wêze, mar foar my wie dat in dream dy’t útkaam,’ seit Jacob wylst syn ûnderlippe trillet. ‘Wat him dêr foar my ôfspile is wat ik eins hoopje dat der barre kin nei jins dea, begrypst? Dêr giest dan, allinne, iensum. De kjeld fan de dea grypt dy by de poat. It slyk sûget dy nei ûnderen. Do falst. In wanhopich sykjen nei hâldfêst. Komst nea wer oerein. It is dien. It kâlde neat. En dan … dan gripe hommels in pear hannen dy by de earms en lûke dy oerein, it kâlde wetter út. Do bist net langer allinne, der is help. Der is ljocht. Der is applaus. Foar dy. Spesjaal foar dy! In wûnder!’

Jacob falt stil. Wer blinke der triennen yn syn eagen. Mar net allinne by Jacob. Anke sit ferbjustere en mei pikefel neist him. ‘Wat moai, wat is dit geweldich moai,’ preuvelet sy. ‘Dit moat de regisseur witte. Soe hy dit wol betocht hawwe? Dat dìt miskien wol de wiere ein is? Jacob, soest hjir efkes sitten bliuwe wolle? Dan helje ik Pier-Jan op, de regisseur. Hy moat dyn ferhaal út dyn eigen mûle hearre. Do moatst it him sels fertelle!’ Wylst sy gau fuortrint, sjocht sy nochris om en ropt: ‘Sitten bliuwe, Jacob hear!’

Anke is fuort. Jacob stoarret foar him út en harket nei de lûden. Minsken dy’t gesellich by it bierdiske stean te praten en te laitsjen. De sêfte muzyk. Auto’s dy’t fuortride. Hy rûkt de rook fan in sigaar.
Hookstrooks komt er oerein. De útdrukking op syn gesicht is feroare. Syn eagen stean no helder, beret.
Dan rint er fuort.
Fuort fan de geselligens, fan de ljochtsjes, fan de muzyk.
Fuort fan it waarme moetsjen mei Anke.
Fuort fan alles.
De dyk ôf.
De nacht yn.
De hannen omheech.

Reacties